MySQL error /home/jacob/domains/loggy.nl/public_html/logs/layout.php on line 83
insert into online values
(
'',
   '',
   '1714102028',
   '18.221.154.151',
   'fryskfamke-/'
)


Incorrect integer value: '' for column `jacob_weblog`.`online`.`userid` at row 1
URL: /
IP: 18.221.154.151
UserAgent: Mozilla/5.0 AppleWebKit/537.36 (KHTML, like Gecko; compatible; ClaudeBot/1.0; +claudebot@anthropic.com)

Post:
Array
(
)


GET:
Array
(
    [gebruikersnaam] => fryskfamke
)


Sorry, there was an error, we are notified of the issue and will be resolved as soon as possible
Frysk famke - Home
Hoe werkt het? Klik hier
Begin pagina
loggy.nl Home
Weblog maken
RSS Feed

Abonneren!

It libben fan in frysk famke

De krante
Wurk ensa

Wat in drokte!
Beppe
In wike fierder
dokter


De krante


De sneinspetiele.

Ik ha krekt yn de krante lêzen dat se miskien froulju dy't net in operaasje ûndergean wolle oan it berntsje dat noch groeit yn har búk, miskien wol twinge wolle. En dan wurd ik sa ferskriklik lilk as ik soks stean sjoch. Fansels is it prachtich dat in hazzelippe hiel moai wurde kin as jo dat dogge foardat it bern berne wurd. Mar wêr hâld it op. Ik kin soks net oersjen en fiel my hiel machteleas by sokke berjochten. Ek bin ik dan altiten hiel bliid dat ik útpoept bin, wy hawwe trije bern, ik bin boppe de fjirtich en it is moai west sa. Mar wat in dilemma's as jo tjinwurdich yn ferwachting reitsje.

Eerst wurde jo allegear testen oanbean om te sjen as der ek wat oan it berntsje mankearret. Ik wit net iens krekt hokfoar, mar it is standaard en dan de echo's dy't jo der fergees by krije. Ik ha lêsten sa'n echo sjoen, fantastysk. Mar is it no echt nedich???????????

Want is der wat op te sjen wat miskien wol net hielendal doocht dan begjint it pas! Do en dyn partner moatte kieze: wat dogge we no! En dan is it gjin griene enerzjy as stroom. En gjin tillefoan oanbieder as internet provider! Nee, it giet om in bern wat der wol as net wêze mei.

En no ek noch yn it foar operaasjes útfiere as it bern noch net berne is. Ik siz it noch in kear: ik bin bliid dat ik dat stik efter de rêch ha en net dat soarte keuzes hoech te meitsjen. Ik soe it net kinne nammentlik, soe der miskien wol kapot oan gean. En letter altiten tinke: ha ik in goede kar makke! It soe myn houlik wol kostje kinne as wy der net krekt itselde oer tinke.

Ik winskje elkenien dy't foar dit soarte dingen te stean komt in protte wiisheid.


12:31:14 28 Maart 2009 Permanente link Reacties (0)

Wurk ensa


No, dat is in skoft lyn dat ik hjir west bin. Der is al hiel wat bard yn dit simmerskoft. We binne mei fakansje west (al wie it net sa lang en mar yn Ermelo) en de bibleteek is ferhúze. Broerke Jochum is troud en op it wurk bliuwt it mar drok. Aenst krije we in kursus 23 dingen en ien fan dy dingen bliikt te wêzen dat je in weblog skriuwe. No dat is dan einliks iets wat ik al doch en wêr 't ik dan aenst gjin drokte fan hoech te hawwen. Derom no mar in berjochtsje want ik tink dat ik der oars útgooit wurd as ik lang net in stikje skriuw.
12:07:37 02 Oktober 2008 Permanente link Reacties (0)

Neat


 

Hjoed is sa'n dei dat der neat te dwaan is. De bern binne op skoallereiske en de eerste komt om trije oere wer. De oare twa pas om seis oere. De man hat de auto meinommen en dit wie no krekt sa 'n dei dat ik der ris eefkes op út koe. Mar dan wurket alles ek wer tsjin. Der komme mannen in ny plafon timmerjen yn 'e sliepkeamer, de auto is fuort en it is net moai waar om op 'e fyts. Dus doch ik de hiele dei neat, neat en nochris neat. No ja, ik meitsje in puzel fan 1000 stikjes en ik gean nei de grienteboer en ik yt drekst in stikje bôle mar dan hâld it ek wol op. Wat is dat lekker sa 'n dei hielendal niks, ik genietsje der echt fan. Dat moat ek wol want jûn sil ik wol wer oan de bak moatte. Dan binne de wurkmannen fuort en moat de sliepkeamer wer skjin en de achterkeamer. Dy koe fansels net skjin bliuwe want se wurkje mei de doar iepen om 't de latten der oars net yn passe. It moat eerst ek altiten in smoarge boel wurde foardat it better kin. Noch in heale middei neat dwaan te gean, wat in feest!

 


13:15:24 27 Mei 2008 Permanente link Reacties (0)

Nijs


Nijs

It is fuort, ik fiel it net meer en in oar kin it ek net meer fiele. Wat in feest, mar wol hiel gek dat it my no swier falt om de goede wurden te finen. Doe't der in knobbeltsje siet wist ik net hoe gau as ik it fan my ôfskriuwe moast. En no kin ik hast net de moed opbringe om der in ferhaal fan te meitsjen.

Dokter sei: asto it net meer fine kinst hoe soe ik it dan kinne. En dat is ek sa, ik kin myn eigen boarsten it bêste. En wie it bultsje eerst allinich mar lytser wurden, no kin ik hielendal neat meer fiele. Ek doe 't ik wer ûngesteld waard wie der neat meer te finen. Neat gjin hormonale bobbels en bulten, net guon dy 't fuortgean en net guon dy 't bliuwe, neat meer.

Net elkenien hat it gelok dat it neat is, jo hearre ek genôvh oare ferhalen en elts fan ús kin wol ien of meer dy 't it hawwe of net meer hawwe of der net meer binne. En dat makket my dochs wol tige tankber dat it neat bliikt te wêzen. It libben giet gewoan fierder en foar in soad minsken is der neat feroare, mar wy binne ús dochs wat meer bewust fan it libben wurden.

 


22:03:50 13 Mei 2008 Permanente link Reacties (0)


Fakânsje

Italië, oan it Gardamar yn in húske en mei in útsicht!!!!!!! We seachen de hiele mar sawat oer fanôf sa'n 700 meter hichte. Wat wie it prachtich en as it dan jûns tsjuster waard en alle ljochtsjes gongen oan? Man, man , wat in moai gesicht. Sûnder bern, it is wat stil, mar wat wenne jo dêr gau oan. Heerlik, net ien dy 't oan je holle seurt of sangeret. Mar ek gjin sêfte bernetúten en krûpen, wol in soad oandacht en tiid foar mekoar. En dêr wiene we nei sa 'n 11 jier wol wer ris oan ta. It hat ús goed dien en J hat syn eerste plak wer werom krigen, no moat er it noch sjen te hâlden.

We hawwe kuiere yn de bergen en binne nei Verona west. Fansels op de ferkeerde dei dat hiel Italië ek op 'e flitter wie. Dag van de arbeid (1 maaie) dan hawwe alle Italianen fry en dêr hiene wy eefkes gjin rekken mei hâlden. Mar it wie moai yn de Arena en we hawwe hiel romantysk by it balkon stien fan Julliet. Tegearre mei noch sa 'n 100 oare toeristen!!!!

Lekker ite en wyn drinke dat slagge dêr ek tige goed en ik ha ek trije boeken lêzen, dus al mei al in noflike fakânsje. En wat wie it ek wer moai om thús te kommen yn de nacht. De oare deis waard ik wekker makke troch in mantsje fan 6 jier dy 't my de earen fan de holle prate oer wat er allegeare belibbe hie. Syn heit soe hast wer fan it eerste plak ferdwine, mar instalearre letter op de dei de Nintendo dy 't de bern krigen hiene fan freonen. En doe wie mem net meer yn trek by E, want hoe kin in mem no konkurere mei in Nintendo?????


21:23:16 07 Mei 2008 Permanente link Reacties (0)

Wat in drokte!


Wat in drokte!

Tongersdei út iten west mei follybal, by it Zilt oan de seedyk yn Harns. Sjen nei de sinne dy't ûnder giet yn it wetter. In lekker glês wyn derby en goed selskip. Dêr knapt in minske fan op.

Freedtejûn nei it kafee yn Easterein. Dêr waard it stik Katarsis spile, in stik mei in protte emoasje. Skreaun troch Gerrit Breteler en spile troch syn freondinne en in oare Gerrit.

Sneon lêste follybalwedstriid mei fansels noch eefkes neisitte! We binne op it twadde plak eindige en foar ús eigen gefoel binne we kampioen wurden. Want Bolsert is eerste wurden mar dat is in team mei allegear spielsters dy't hiel heech spiele ha en opny mei in team starten. Dan moatte jo neffens de rigels ûnderoan begjinne mar harren nifo is fansels folle heecher. Dêr koe gjinien fan winne, dus as dat team der net west hie wiene wy kampioen wurden.

Snein wie broer J jierdei en ha we gesellich út iten west en der ek mar eefkes ien op dronken. En ja, dat komt der wol op oan safolle jûnen achter mekoar op sjouw.

Doe 't ik mei dizze weblog begûn te skriuwen ha ik minsken der 't ik fan woe dat se der wat fan wisten in mailtsje stjoerd. Ik tocht doe mei myn grypiche holle dat ik hast dea gie of yn elts gefal dat my miskien in dreeche tiid stie te wachtsjen. En om 't ik net sitten seach om eltsenien dêroer te beljen of te mailen tocht ik it mei in weblog op te lossen. Mar dat eerste mailtsje fan my is by goun minsken raar hingjen bleaun.

Ik skriuw doe soks as dat net eltsenien my daliks belje moast of maile ( ik tocht dat net oan te kinnen mei myn siike holle). Mar wolst it liuwe of net der binne goun by dy 't  fan skrik hielendal neat meer hearre litte, komplete radiostilte. Ik wist net dat ik sa twingjend (is dat wol Frysk?) skriuwe koe? Lêsten belle ik sels ien op en dy skrok sa dat ik tocht: och heden wat ha 'k no wer dien!!!!!!!!!!!! Dus wa 't dit lêst: it kin wol wer wurde, ik kin it wer oan.

Bultsje fuort of sit der no dochs wat? Ik ha it fan my ôfsetten en gean nije wike lekker mei fakansje. Dernei gean ik wer nei de húsdokter en as dy dan noch neat fynt dan sil it wol neat wêze en ha 'k jimme allegear foar neat sa skrikke litten.


15:11:58 22 April 2008 Permanente link Reacties (0)

Beppe


Beppe

Ik ha doe 't ik in jier as fjirtjen wie ek al ris in bultsje fielt. En dat fertelde ik doe oan ús mem. Ik ha noch nea sa gau by de dokter sitten as doe. En dat wie hiel gek want wy gongen net nei de dokter of it moast al hiel slim wêze.

Dat bultsje hie neat om 'e hakken en wie letter ek sa wer fuort. Mar ús mem wie hielendal fan slach en ik snapte net wêrom. Dochs mar ris freege en doe kaam it ferhaal dat ús mem har mem stoarn is oan boarstkanker.

Op 13 july is se stoarn doe 't se noch mar begjin fyftich wie en ús mem noch mar in lyts famke wie fan in jier as 6. Ik bin berne op 13 july en it soe no wol hiel apart wêze dat krekt ik boarstkanker krije soe! Ik tink op 't heden dat it wol tafalt want ik kin it knobbeltsje eins net meer fiele. En dat is in lekker gefoel. Eerst hieltiten fiele dat it der sit en no hieltiid fiele om 't ik it eins net meer fiel.

Mar ik hald it skerp yn 'e gaten en as we fan fakansje werom komme, lit ik it wol troch de húsdokter neisjen sa as ofpraat.

Underwilens giet it libben gewoan fierder en bin ik wer oan it wurk. As jo hast twa wike siik thús west binne is dat wol wer lekker, eefkes sûnder bern. Want memmen hoeche net oan it wurk as se siik binne, mar bern moatte noch hieltiid wol iten ha en sa no en dan wat oandacht hjir en dêr binne se ek net fiis fan. 


20:50:42 14 April 2008 Permanente link Reacties (0)

In wike fierder


In wike fierder

Noch gjin wike lyn lei ik op dit selde bêd en jankte my de eagen út 'e holle. Ik kin it my hast net meer betinke hoe 't it fielde. Wat seach ik alles troch in koker, de saneamde tunnelfisy. Apart om dêr oan werom te tinken. Apart dat ik it net breder sjen koe. Kanker - dea en dat wie it! Fansels wit ik better, net elkenien dy 't kanker kriget giet dea. En net elkenien hat kanker as der earne in bultsje of knobbeltsje sit.

En wat is der wat bard ûndertusken. By de buorlju is in beebie berne, in hiel moai mantsje mei alles der op en der oan. En foar it earst hie 'k gjin kriebels, hielendal nearne iets wat ek mar op in kriebel liket. Meastentiids by it sjen fan in beebie komt der wol earne in gefoel fan nochris, mar dizze keer hielendal neat. Oan it moaie mantsje kin it net lizze, dus it is myn biologyske klok. Hy is ophalden mei tikjen. Dy tiid fan langstme nei sacht beebiefel, weakens, lytse fingerkes en sêfte pruttellûdsjes is wier foarby. Foar it gemak ferjitte we altiten de sliepeleaze nachten, tepelkloven, gûloerkes, darmkrampkes en tosken dy 't troch komme. It is sûver noflik sa 'n klok dy 't net meer tikket.

Krekt eefkes fielt......................it sit der noch!  Ik kin de hiele dei krekt dwaan as is der neat, mar dan moat ik fiele fan mysels. Ik hoopje dat it fuort is, mar it is eltse keer ek in gefoel fan: sjoch wol, ik bin net gek, der sit wol wat.

Fan 'e moarn draaide ik mei op skoalle yn 'e kleuterklasse doe't in famke by my kaam. Us oppas hat kanker seit se, dêrom kin se net sa faak oppasse. Goh, dat wist ik net, siz ik tsjin har en daliks tink ik: gek, dat se dat oan my ferteld?!


16:30:25 09 April 2008 Permanente link Reacties (1)


Jippie de pippie, ûngesteld!

It is faak sa dat ik gjin idee ha wanneer 't ik ûngesteld wurde moat. En it komt altiid earder as ik wol. Mar dizze keer is it noflik dat it safier is, want dan kin ik fiele as der ek wat feroaret yn myn boarsten. Dus doe t ik fan 'e middei op it húske siet en wat reads seach yn de pot ûnder my wie ik der allinich mar bliid om dat it wer safier wie.

De hiele dei ha ik net oan myn boarst fielt om 't ik it idee krige dat ik dat stikje hieltiid fielde om 't ik der hieltiid oan fielde. Hjoed net oankomme en dan jûn op bêd mar wer ris sjen. Unnoazel trouens om dat soarte dingen op jûntiid te dwaan, want de nacht is de oalje fan de bangens, sa as in wize buorfrou tsjin my sei.

Wer fiel ik it stikje sitten al is it minder dúdlik dan foar myn ûngesteldheid. Soe 't dan echt neat wêze? Moarn wer fiele! Mei de griep giet it wer in bytsje better, al giet it my lang net hurd genoch. Ik fiel my krekt in suurtsje, mar wie der miskien wol swier oan ta om my ris del te jaan.

 


13:33:36 06 April 2008 Permanente link Reacties (0)

De dei nei.......


Kofje

Juster ha we tegearre kofjedronken as in soarte fan fieren dat it allegear wat ta falt. Ik hie de kofje klear en doe 't J út it wurk kaam woe hy ek wol in bakje. Oars hawwe we dêr gjin tiid foar, no namen we de tiid. Frjemd hoe 't ien san 'n bultsje alle dingen oars makket!

Hjoed wie de dei heal om foardat ik der erch yn hie. Bern nei skoalle, eefkes lizze en doe 't ik de eagen wer iepen die, wie 't kertier oer alven. Seare spieren ensa, ik hie gjin tiid foar de griep juster, mar no is it krekt as pakt it my dûbeld werom. Ik fiel my noch minder as ferline wike freed, doe 't ik myn earste siiktedei hie.

Noch in fergadering ofsizze en de baas belje dat it moarn ek niks wurdt mei wurkjen. De oppas ofbelje en sa giet it mar troch. Ik woe wol dat der in bedriuw wie dy 't dat allegear foar dy docht ast siik bist. Dan hie 'k wat meer tiid om better te wurden.


13:36:50 04 April 2008 Permanente link Reacties (0)

Outlet NL female 140915 - 030216 468x60


Weblog